printLogo

Taalplan Frysk: beliedsregel foar it ferkrijen fan in parsjele ûntheffing foar it fak Frysk

Yn augustus 2014 hawwe Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân it foech fan it Ryk krigen om parsjele ûntheffing te ferlienen foar it jaan fan it fak Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis. Dat hâldt yn dat Deputearre Steaten no, njonken in folsleine ûntheffing (lykas dat yn it ferline yn útsûnderlike gefallen ferliend is, oan bygelyks skoallen op de Waadeilannen), ek parsjele ûntheffing foar it fak Frysk jaan kinne dat rjocht docht oan de wize wêrop’t it Frysk yn de praktyk jûn wurdt op eltse yndividuele skoalle. Dêrtroch wurdt ek it formulearjen en stypjen fan ambysjes op it mêd fan Frysk better mooglik. De eventueel earder ferliende ûntheffingen komme te ferfallen en sille op ‘e nij fêststeld wurde moatte. Under de namme Taalplan Frysk wurde alle skoallen yn Fryslân besocht troch de spesjaal dêrfoar oanstelde ûnderwiiskundigen. Der wurdt objektyf yn kaart brocht wat de skoalle krekt oan it Frysk docht, foar hokker foarm fan ûntheffing in oanfraach yntsjinne wurde kin en hokker ambysjes de skoalle hat.

Utgongspunt by it Taalplan Frysk is dat de parsjele ûntheffing in tydlike maatregel is yn in groeimodel. Der wurdt nei stribbe dat skoallen yn it Fryske taalgebiet, wêr’t it Frysk de deistige omgongstaal is, eltse fjouwer jier minder ûntheffing nedich binne. Dêrom wurde de ambysjes fan de skoalle ek yn de oanfraach meinommen.

Der binne ferskillende ûntheffingsprofilen ynrjochte, dy’t basearre binne op de ferskillende kearndoelen foar it Frysk dy’t respektivelik yn de WPU en de WFU beskreaun binne. Yn de taheakke beliedsregel steande de profilen fierder útwurke en taljochte.

Sjoch foar mear ynformaasje ek op Taalplan.frl.

Taalplan Frysk yn it nijs

Klik hjir foar it webberjocht fan 23 novimber 2016.

Klik hjir foar it fragmint yn Fryslân Hjoed fan 23 novimber 2016.

Overzicht alle bestanden bij Taalplan Frysk: beliedsregel foar it ferkrijen fan in parsjele ûntheffing foar it fak Frysk

Bestânsnamme Bestânstype Grutte
beleidsregel ontheffingen provinciaal blad PDF 520,9 KB
FRD-20161203-Schoolvak Fries wordt minder vrijblijvend PDF 2,5 MB
Totaal 2 items beskikber

Taal Kiezen